
Sjoch, sjoch, dy skeane banen, dat weagjend wyt en blau, dy reade pompeblêdden, dat âlde byld fan trou! Sjoch, sjoch se blinken, sinken, allinken foar in skoft, sjoch, sjoch se wiuwen , kliuwen en driuwen yn 'e loft! Dat, dat is ús Fryske flagge, dan omheech, dan omleech, op en del mei wyn en weagen, wiuwend, kliuwend, steech en dreech!